Drachtsterfeart giet troch

11 jul 2012 - 10:10

De gemeenteried fan Smellingerlân hat mei grutte mearderheid ynstimd mei in trochstart fan it Drachtsterfeartprojekt. De gemeente Smellingerlân hellet 5 miljoen euro út de reserves, sadat nei de boufak mei it wurk úteinset wurde kin.

26 riedsleden stimden foar, twa SP'ers wiene tsjin en trije riedsleden wiene net oanwêzich. Ek de kredytferstrekker fan projektûntwikkeler Vastgoed Noord hat der mei ynstimd. Troch de resesje waarden minder huzen ferkocht as tocht en kaam it prestizjeuze projekt yn 2008 stil te lizzen.

It plan bestiet ûnder oare út nijbou fan wennings en it útgraven fan de Drachtsterfeart oant it kariljon yn it sintrum fan Drachten.

(advertinsje)