Sjonger Hessel wol noch ien kear knalle op in grut poadium

14 jan 2020 - 07:18

Sjonger Hessel fan Skylge jout noch ien kear in grut konsert, yn maart bringt er mei syn dochter Tess 'Terschelling naar Ahoy'. Tritich jier lyn begûn it foar Hessel van der Kooij yn Ahoy. Nei dizze show hâldt er dermei op.

"Het was geweldig al die grote shows, en ik verheug me enorm op de show in Ahoy, maar dit is ook de laatste. Wie mij daarna nog wil zien optreden, is van harte welkom op Terschelling. Want uiteraard blijf ik daar gewoon optreden in de Groene Weide", ljochtet Hessel ta.

Tiid foar oare dingen

It tarieden fan in grut konsert kostet neffens Hessel in soad tiid. "Zo'n groot concert zit gewoon 24 uur per dag in je hoofd, twee jaar achter elkaar. Dan begin je te denken: ho eens even, er zijn nog meer dingen", seit Hessel, dy't syn tiid no oars besteegje wol. "We willen ook een groot bouwproject gaan doen voor jonge eilander gezinnen. Dat heeft ook m'n aandacht en daar wil ik graag meer tijd aan besteden. Ik heb nog zoveel plannen op de plank liggen. Ik moet 150 worden om dat allemaal nog te realiseren."

'Terschelling naar Ahoy'

Yn 1991 slagge it Hessel om Ahoy twa kear útferkocht te krijen. Dêrnei folgen shows yn Thialf, Vredenburg en de Heineken Music Hall. "En in 2017 de Ziggo Dome, met Tess. Dat is toch een jongensdroom?"

Foto: Glenn Wassenbergh

Hessel hat sin oan syn lêste show oan de wal. "Ik weet dat ik er ontzettend van ga genieten. Het geeft zoveel energie om met geweldige mensen een mooie muzikale show neer te zetten. Maar eerlijk is eerlijk: het kost ook energie, en ontzettend veel tijd. We zijn meer dan een jaar bezig om deze show neer te zetten. Daarom is het echt de laatste keer, de cirkel is rond."

Bân mei heit

Tess komt mei in nije single '180 jaar geleefd' en dy giet oer de bysûndere bân tusken heit en dochter. "Als we ons dan weer ergens doorheen geworsteld hebben, dan zeggen we altijd: 'Mochten we ooit de 90 halen, dan hebben we 180 jaar geleefd!'"

Tess hoecht har heit fansels net te missen yn har muzikale karriêre. "Ik blijf natuurlijk wel betrokken bij de nieuwe dingen die Tess nog gaat doen, maar zelf van het eiland om op te treden ga ik niet meer doen", sa seit hy.

Sjonger Hessel ljochtet syn beslút ta

(advertinsje)
(advertinsje)