Foarearst noch gjin ekstra ryksjild foar jeugdsoarch

14 jan 2020 - 06:01

Gemeenten hoege foarearst noch net te rekkenjen op struktureel ekstra ryksjild foar de jeugdsoarch. In soad gemeenten ha grutte finansjele problemen om't de jeugdsoarch folle mear kostet as dat se der foar fergoede krije. Neffens wethâlder Jelle Zoetendal fan It Hearrenfean kin it noch wol in jier duorje foardat dêr dúdlikheid oer komt.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Yntusken binne de gemeenten drok dwaande om dy soarchkosten ûnder kontrôle te krijen, sûnder de kwaliteit los te litten.

Op It Hearrenfean hold de de kommisje Mienskipssaken moandei in saneamde expert-meeting, wêrby't se sels in tal dilemma's op tafel krigen fan it team Jeugd & Gezin. De kompleksiteit waard dêrmei skerp delset, en ek dat foar elk gefal maatwurk levere wurde moat.

Neffens CDA-fraksjefoarsitter Jentsje Abma is it dreech om de prioriteit oan te jaan tusken goede soarch en de sinten. "Mar der is fansels in grins. It is krekt as by de soarchfersekering, jo kinne alles wol wolle, mar it moat wol betelle wurde." De ried fan It Hearrenfean bûcht him yn febrewaris oer de kosten yn it Sociaal Domein.

Ferslachjouwer René Koster wie by de meeting op It Hearrenfean oer de jeugdsoarch

(advertinsje)
(advertinsje)