Teäterstik mei en oer statushâlders yn Ljouwert en Drachten

13 jan 2020 - 22:44

Teätergroep 'Wat We Doen' is yn Ljouwert drok dwaande om in nije foarstelling op te setten. Dy foarstelling hjit: 'Hoe ik talent voor het leven kreeg.' It stik giet oer de ûnmacht en it wachtsjen fan statushâlders yn azc's. It bysûndere is dat der ek statushâlders út Ljouwert meispylje yn it stik.

Foto: Mohammad Alzoabi

Ofrûne simmer hat it selskip op syk west en binne der 25 'nije Ljouwerters' fûn dy't meidwaan wolle. De repetysjes binne úteinset, yn maart en april stiet it stik yn Fryslân op de planken. It fertelt it ferhaal fan Semmier Kariem, in jonge man dy't asyl oanfreget, dreamt fan in nij libben en op guon mominten hopeleas fêst rekket yn it systeem. It azc wurdt sawat in magysk doarp foar him, dêr't hy Nederlân fan de sydline ôf bestudearret.

Regisseur Floris van Delft fertelt dat sy op it idee kaam binne troch it boek 'Hoe ik talent voor het leven kreeg' fan de Iraakske skriuwer Rodaan Al Galidi. "Vanaf het moment dat we het boek lazen, dachten we: hier moeten we iets mee op het podium. Die voorstelling moet ook een ontmoeting zijn op allerlei vlakken. Die mensen waar het over gaat, moeten mee het podium op."

It teäterstik is yn Fryslân te sjen op 14 maart yn De Lawei yn Drachten en op 3, 4 en 5 april yn De Harmonie yn Ljouwert.

Regisseur Floris van Delft

(advertinsje)
(advertinsje)