Dronken hurdrider (27) oanhâlden by Koarnjum nei achterfolging

De plysje fan Ljouwert hat moandei nei in achterfolging in automobilist oanhâlden dy't mei te folle drank op achter it stjoer siet, troch read gie en fierstente hurd ried.
Drankride © Shutterstock.com
De 27-jierrige bestjoerder út Stiens waard sinjalearre doe't er mei hege snelheid it reade ferkearsljocht op de krusing fan de Dammelaan mei de Troelstrawei negearre. Hy ried yn de rjochting fan Stiens en de plysje gie der hurd achteroan. De plysje stelde fêst dat de man op in gegeven stuit 170 kilometer yn 'e oere ried, dêr't 80 tastien is, in ferskil fan 90 kilometer yn 'e oere.
Op de Skeltedyk by Koarnjum koe de plysje in stopteken jaan en dêr foldie de hurdrider oan. Hy is meinaam nei it buro en nei in blaastest die bliken dat er mear as trije kear safolle drank op hie as tastien is. De bestjoerder hat proses-ferbaal krigen en syn rydbewiis is ynnommen.