Myrthe de Boer pakt gouden medalje op 1.500 meter

Reedrydster Myrthe de Boer (17) fan Skarsterbrêge hat moandeitemiddei in gouden medalje wûn op de 1.500 meter by de Jeugd Olympyske Winterspelen fan Lausanne.
Op de natueriisbaan fan St. Moritz sette se yn de lêste rit in tiid del fan 2.10.44 en wie dêrmei 0.14 sekonde rapper as de nûmer twa Yuka Takahashi út Japan. Binyu Yang út Sina waard tredde.

Hurde wyn

De omstannichheden op de bûtenbaan by har gouden race wiene net optimaal , fertelt De Boer. "Ik bin 'm hiel hurd yn flein, want ik seach dat elkenien eins ferlear yn it lêste rûntsje. It tocht: as ik hurd begjin, kin ik noch wat ferlieze oan it ein. Want it waaide ek superhurd, oan de iene kant hiene we fol de wyn tsjin en oan de oare kant wyn mei."

Konkurrinsje grut

De konkurrinsje wie grut, seit De Boer. "Der wiene wol fiif ferskillende minsken dy't it winne kinne hiene, mar ik bin hiel bliid dat ik it wurden bin. Ik besef it eins noch hieltyd net."
De Boer hat noch de mixed teamsprint en de massastart op it programma stean. De jonge reedrydster giet ek dêrby foar in medalje. By de iepening fan de Spelen mocht se de flagge drage foar Nederlân.
© EPA/ANP
Reedrydster Myrthe de Boer oer har gouden race