It Amelân fiert in moanne lang de befrijing

13 jan 2020 - 19:15

It Amelân krijt in feest om te fieren dat it eilân 75 jier lyn befrijd waard fan de Dútsers. It feest duorret in moanne en dat is langer as de festiviteiten op it fêstelân. It Waadeilân waard net op 5 maaie, mar net earder as 3 juny befrijd.

De fjoertoer op It Amelân - Foto: Omrop Fryslân

It idee foar in befrijingsfeest komt fan de politike partij Algemeen Belang Ameland, in spesjale kommisje organisearret it. De kommisje hat de doarpsbelangen fan de fjouwer doarpen frege en dy wienen entûsjast. "We hebben ook de musea gevraagd en die wilden ook wel meedoen. We willen de scholen er nog bij betrekken", fertelt Jan Wijnberg, riedslid foar Algemeen Belang Ameland en foarsitter fan de kommisje fan it befrijingsfeest.

De aktiviteiten begjinne nei 5 maaie en wurde ôfsletten op 6 juny by it Bunkermuseum. Minsken mei plannen foar it betinkingsfeest kinne har by de kommisje melde. Ek binne se op syk nei fotomateriaal en ferhalen.

(advertinsje)
(advertinsje)