Man oppakt foar stekpartij

11 jul 2012 - 09:12

Der is in tredde fertochte oanhâlden yn it ûndersyk nei de stekpartij fan oktober, wêrby't in man fan De Gordyk swier ferwûne rekke. It giet om in Ljouwerter (28). Ein juny waarden al twa oare ynwenners fan Ljouwert oanhâlden. Alle trije wurde der fan fertocht dat se nei in hardcore feest it slachtoffer oanfoelen, wêrby't de man ferskate kearen mei in mes stutsen waard. De Gordykster waard yn kritike tastân nei it sikehûs brocht.

De tredde fertochte is tiisdei oppakt. De fertochten dy't earder oanhâlden binne, wurde woansdei foarlaat.

Dan wurdt dúdlik oft se langer fêstsitten bliuwe moatte of net.

(advertinsje)