Automobilist rydt 82 kilometer yn 'e oere te hurd by Heech
In ynwenner fan Súdwest-Fryslân is moandeitemiddei oanholden om't er 82 kilometer yn 'e oere te hurd ried. Dat meldt de plysje.
De 39-jierige man ried op de Burd yn Heech mei in korrizjearre snelheid fan 142 kilometer yn 'e oere, wylst je op dy dyk mar 60 ride meie. It rydbewiis fan de man is ynnaam.