Bekerfinale UNIS Flyers is 'Wedstriid fan de Wike'

13 jan 2020 - 18:12

UNIS Flyers wol woansdei de earste priis fan dit seizoen binnenhelje. De bekerfinale tsjin de Devils Nijmegen moat de bekroaning wurde fan it goeie earste part fan it Feanster iishockeyseizoen. It duel is de 'Wedstriid fan de Wike' by Omrop Fryslân.

As je sjogge nei de eardere ûnderlinge wedstriden dit seizoen, dan lizze de papieren goed foar de Flyers. "Earder dit seizoen spilen de Feansters twa kear yn ien wykein tsjin Devils Nijmegen", wit sportferslachjouwer Andor Faber. "En beide kearen wûnen de Flyers. Al wie ien kear wol nei ferlinging, mar dat makket neat. Dan telt de oerwinning ek." Nei de bekerfinale fan woansdei treffe beide ploegen elkoar kommend wykein wer foar de kompetysje.

De wedstriid begjint woansdeitejûn om 20.00 oere yn Eindhoven. Tongersdei by Omrop Fryslân in wiidweidige reportaazje fan de finale.

Foto: Omrop Fryslân

Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de Wike.' De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)