Ljouwerter skoalbern komme yn aksje foar brânend Australië

Bern fan groep 7 fan de Ljouwerter skoalle De Wynwizer komme yn aksje foar de boskbrannen yn Australië. Op it nijs seagen se de gefolgen fan dy brân foar de koala's en kangeroes. Doe betochten dat se aksje fiere moasten: de flesse-aksje.
© Omrop Fryslân, René Koster
Nei in les 'begrijpend lezen' oer dit ûnderwerp en it sjen fan bylden op it Jeugdjournaal wiene de bern oandien. "Guon koene it net oansjen en leine mei de holle op de bankjes", fertelde juf José van der Veen.
Mei de bern en har kollega Milou de Boer is dêrom in aksje opset: in flesse-aksje mei as doel sa folle mooglik lege flessen yn te sammeljen om dêrnei it staasjejild oer te meitsjen nei de helporganisaasjes.
Ferslachjouwer René Koster yn petear mei juffen José van der Veen en Milou de Boer
© Omrop Fryslân, René Koster
De aksje rint as it spoar. Tassen en doazen fol lege flessen steane al op 'e gong. Mar op foto's dy't âlders fia de groepsapp útwikselje is te sjen dat ek de hûzen al fol reitsje mei lege flessen. De bern binne hiele dagen drok mei it sammeljen en sortearjen fan de flessen.
Neffens de juffen leare de bern derfan, dat je net allinnich fertriet ha kinne om ditsoarte nijs, mar dat je ek wat dwaan kinne. "Mar ek de hiele organsiaasje deromhinne smyt in protte op, dêr't bern yn harren ûntwikkeling wat oan hawwe."
De flesse-aksje rint noch oant freed 17 jannewaris.
Ferslachjouwer René Koster by de bern dy't de flessen sortearje