FIDEO: Nei 25 jier ein oan Bear Boeloe

13 jan 2020 - 17:29

25 Jier lang wie it in monumint op de Fryske telefyzje: generaasjes bern binne grutbrocht mei it 'Lekker sliepe' fan de grutte bear op Skiermûntseach. En no, 875 ôfleveringen fierder binne Bear Boeloe en syn freonen ynkoarten foar de alderlêste kear te sjen.

Bear Boeloe wurdt tekene en skreaun troch Helena de Boer. De stimmen wurde dien troch Leny Dijkstra en Feije van der Meer. Dy lêste nimt ek de rezjy foar syn rekken.

Freed is in wiidweidige reportaazje oer Bear Boeloe en de makkers dêrfan te sjen by Omrop Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)