RTV De Wâlden wol streekomrop wurde foar Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel

Lokale omrop RTV De Wâlden wol de streekomrop wurde foar Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel. It bestjoer hat in oanfraach dien foar in útsjoerlisinsje foar in lokale omrop by beide gemeenten.
© RTV De Wâlden
It bestjoer fan de lokale omrop wol it petear oangean mei alle frijwilligers dy't no al aktyf binne foar de lokale omrop. Ek stiet de omrop iepen foar nije meiwurkers. As studiolokaasje hat RTV De Wâlden as útgongspunt Glinstra State yn Burgum of in plak yn Bûtenpost.
RTV De Wâlden ûntstiet út in gearwurking tusken de websiden 8karspelennieuws.nl en tdielnieuws.nl, dy't sûnt 2015 yn de loft binne. Fan july 2020 ôf leit der in nije lisinsjeperioade iepen foar beide gemeenten. As de nije omrop in útstjoerlisinsje krijt, dan wol it de nijsfoarsjenning fan no útwreidzje mei radio.
"Daarnaast wil RTV De Wâlden nadrukkelijk een intensieve samenwerking met één of meer streekomroepen rondom Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel aangaan en programma's, knowhow en faciliteiten delen door over de grenzen heen te stappen", seit foarsitter Stefan Veldman.