Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja siket gedichten yn streektalen

De Dichter des Vaderlands, Tsead Bruinja, is op syk nei dyn fiif favorite gedichten. Mar dan wol yn dialekt of streektaal, dus Biltsk, Stellingwerfs of Stedsfrysk. Hy wol in blomlêzing meitsje fan wurk yn alle streektalen of dialekten fan Nederlân.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
"It giet dus net om wurk yn it Frysk of Nederlânsk," ljochtet Tsead Bruinja ta. "En it giet ek net om eigen wurk." Syn doel is om de streektalen en dialekten mear foar it fuotljocht te bringen.
De blomlêzing sil begjin 2021 ferskine. "Dat is as ik ôfswaai as Dichter des Vaderlands. Doel is dat der sa'n 500 fersen yn komme." Hy sit sels geregeld yn de Koninklijke Bibliotheek yn Den Haag yn bondels te sneupen. "Der sit allegear moais by, yn it Twintsk, Drintsk en Grinzers."

Poëzy ûnder de minsken

Hy is no op de helte fan syn dichterskip. "It giet hartstikke goed. We begjinne meikoarten mei in toernee by fersoargingstehûzen del yn Fryslân en begjinne yn Dokkum. Dan geane we oan de slach om de poëzy ûnder de minsken te bringen."
De gedichten kinne (mei fertaling) stjoerd wurde nei: ddvbloemlezing@gmail.com.