Automobiliste net skuldich oan oanriding mei Aart Staartjes

De automobiliste dy't by it ûngelok fan Aart Staartjes belutsen wie, hat gjin skuld oan de oanriding. Staartjes hat de auto fan de frou nei alle gedachten oer de holle sjoen, seit plysjewurdfierder Nathalie Schubart.
© Kappers Media
It ûndersyk nei it ûngelok wêrtroch't Staartjes ferstoarn is, is klear. Dêrút hat bliken dien dat hy freed de Harnzerstrjitwei yn Ljouwert op ride woe mei syn brommobyl, doe't de automobiliste deroan kaam. Schubart: "De vrouw heeft geprobeerd te remmen, maar een aanrijding was niet meer te voorkomen."
Neffens de plysjewurdfierder hat de frou ek net te hurd riden. "Uit sporenonderzoek is gebleken dat zij de normale snelheid heeft gereden."
By de oanriding waard de 81-jierrige Staartjes út syn brommobyl slingere en rekke hy swier ferwûne. Hy ferstoar snein yn it sikehûs yn Grins oan syn ferwûningen.
© AS Media
Plysjewurdfierder Nathalie Schubart oer it ûngelok fan Aart Staartjes