Sportcast: "Henk de Jong hie earder wikselje moatten"

13 jan 2020 - 15:53

SC Cambuur is net goed út de winterstop kaam. De Ljouwerters ferlearen yn eigen hûs mei 2-1 fan FC Volendam. Dêrnjonken wie it EK ôfstannen op Thialf mei in protte Nederlânske medaljes. Foar ús analisten Arjen de Boer, Roelof de Vries en Andor Faber falt der dus wer in protte te bepraten yn in nije edysje fan de Omrop Fryslân-Sportcast. Jantine Weidenaar presintearret dizze útstjoering.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify en yn de podcast-apps.

Arjen de Boer skrok fan it spul fan Cambuur: "Cambuur liet him ferrifelje troch counterploech Volendam." Roelof de Vries en Arjen de Boer fûnen beide dat Henk de Jong earder yngripe moast. De Vries fûn dat De Jong rjochtsback Doke Schmidt earder wikselje moast. "Se hienen earder yngripe moatten. Volendam liet Schmidt yn de opbou frij. Hy wie freed miskien wol de minste fuotballer oan de bal. Arjen de Boer fûn lykwols dat Delano Ladan derby moast yn de spits.

Dat Cambuur ferlear fûn Roelof de Vries gjin skande: "Cambuur en Volendam promovearje dit seizoen." Andor Faber tinkt ek dat it in ynsidint is: "As Cambuur spilet sa't se it yn de earste seizoenshelte dien ha, dan winne se gewoan fan TOP Oss."

Henk de Jong en Volendam-trainer Wim Jonk fûnen beide dat de winterstop langer duorje moat. Roelof de Vries fynt dat lykwols ûnsin. "Je moatte gewoan trochfuotbalje, lekker mei de krystdagen fuotbalje, man."

"It like wol in ynterlân Nederlân - Ruslân"

It EK ôfstannen levere in protte medaljes op foar Nederlân. Njonken Nederlân foel eins allinnich Ruslân goed yn de prizen. Andor Faber: "It like wol in ynterlân Nederlân - Ruslân." Neffens Faber wie it hichtepunt lykwols gjin medalje: "De moaiste prestaasje wie Femke Kok op de 500 meter." Op dy ôfstân waard se fjirde en pakte se in wrâldrekôr foar junioaren."

Roelof de Vries wie fan it wykein ek noch by de Fryske derby yn it amateurfuotbal, Harkemase Boys - ONS Snits. Dêr woe er lykwols gjin wurden oan smoarch meitsje: "De Fryske derby wie neat oan."

Ofwikseljend prate sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Arjen de Boer en Geert van Tuinen yn dizze podcast dy alle moandeis by oer it sportnijs. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar.

(advertinsje)
(advertinsje)