Jouster Arjen Tuiten makket foar twadde kear kâns op in Oscar: "In hiele eare"

Arjen Tuiten makket foar de twadde kear kâns op in Oscar. De Jouster is nominearre foar "Best Make-up and Hairstyling" yn de film 'Maleficent: Mistress of Evil'.
© ANP
Maleficent wurdt spile troch Angelina Jolie en is de gemiene styfmem fan Doornroosje. Tuiten hat al har make-upwurk dien en moat it opnimme tsjin fjouwer oare films: Joker, 1917, Bombshell en Judy. Yn 2018 waard er ek al nominearre foar in Oscar. Dat wie foar syn wurk oan de dramafilm 'Wonder'.

"Hiel bysûnder"

"Hiel spesjaal, hiel bysûnder. Krekt sa bysûnder as de earste kear en ik fyn it in hiele eare dat ik foar de twadde kear meimeitsje mei", seit Tuiten oer syn twadde Oscar-nominaasje. Hy wennet en wurket yn Amearika en lei moarns noch op bêd doe't er opbelle waard mei it goede nijs.
"Ik tink, ik folgje it fierder net. Ik sjoch it wol as de telefoan begjint te ratteljen, dan wit ik it wol. No, dy begûn, dus dat sil him wol wêze. En ja, dêrnei hâldt it natuerlik net wer op." Tuiten hat in soad reaksjes krigen fan de Nederlânske media, freonen en famylje. Fan Angelina hie er noch gjin berjocht hân. "Mar dêr sil ik noch wol fan hearre."

Kânsen net heech

Twa jier lyn slagge it Tuiten net om syn nominaasje te fersulverjen en ek dizze kear skat er syn kânsen net sa heech yn. Hy tinkt dat Joker of Bombshell winne sille. "Mar de nominaasje allinnich is al hiel folle wurdich. En as ik him in kear win, dat sjogge we wol. Dat komt wol."
De Oscars wurde op 10 febrewaris útrikt.
Arjen Tuiten oer de Oscar-nominaasje