Hamstringblessuere hâldt Kallon wiken oan de kant

13 jan 2020 - 15:49

Issa Kallon kin de kommende twa oant fjouwer wiken net meispylje by SC Cambuur. De oanfaller rekke freed yn it duel mei FC Volendam blessearre oan syn hamstring en stiet dêrtroch de kommende wiken oan de kant.

Foto: Orange Pictures

Undersiken hawwe moandei útwiisd dat Kallon foarearst dus net ynsetber is. Hy mist yn alle gefallen de útwedstriid tsjin TOP Oss en it thúsduel mei Jong FC Utrecht. Mooglik dat de rappe bûtenspiler ek foar de wedstriden tsjin NEC en MVV noch net opknapt is.

(advertinsje)
(advertinsje)