Hast 130 asylbern ferdwûn út azc yn Drachten

13 jan 2020 - 15:38

Ut it asylsikerssintrum fan Drachten binne de ôfrûne jierren 129 bern ferdwûn. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Orgaan opvang Asielzoekers en fâdij-ynstelling Nidos, meldt de NRC.

It AZC yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân

In part fan de bern is nei alle gedachten trochreizge nei famylje yn Nederlân of oare lannen yn Europa. Mar in ûnbekend part falt neffens de NRC yn hannen fan minskehannelers.

De krante hat foar hiel Nederlân besjoen hoefolle bern oft der ferdwûn binne de ôfrûne tsien jier. Yn totaal giet it om goed 2.500 bern.

(advertinsje)
(advertinsje)