Maaike de Groot is fierder yn TVOH: "Het was heel erg leuk"

13 jan 2020 - 15:37

Maaike de Groot út Boalsert hat freed The Battles wûn en is dus troch nei The Knockouts fan it telefyzjeprogramma The Voice of Holland. Dan is it noch mar ien stap nei de liveshows.

Foto: -

"Ik had er heel veel zin, het was vooral heel erg leuk. Ik was wel wat zenuwachtig, maar niet zo erg als bij de Blind Auditions", fertelt Maaike de Groot yn De middei fan Fryslân.

Anouk wie ek entûsjast oer har optreden. "Dat stukje spoel ik telkens terug." Se fynt it oant no ta hiel leuk en se hat leuke minsken kennen leard. Fan har coach Waylon hat se leard om net tefolle nei te tinken en mar gewoan te dwaan.

By de Knock-Outs bliuwe 3 fan de 8 kandidaten fan ien coach oer. "Dat is een stoelendans." Dat is al opnommen, mar Maaike mei noch neat oer it fierdere ferrin fertelle.

Yn novimber die se mei oan de audysjes en song doe it nûmer 'De zee' fan Trijntje Oosterhuis. Se keas Waylon as coach. Dat makke yndruk, se song it foar har ferstoarne heit.

Maaike de Groot

(advertinsje)
(advertinsje)