HEA! op de hynstekeuring: "Sa grutsk dat hy dit berikt hat"

13 jan 2020 - 15:00

"As ik him dan yn de baan sjoch, is dat altyd wer in pikefelmomint." It wie sneon in spannende en tige emosjonele dei foar Coby Kruis en har hynst Wytse 462. Op de jierlikse keuring fan it KFPS, de Koninklijke Vereniging "Het Friesch Paarden-Stamboek", mocht Wytse himsels net allinnich sjen litte foar de keuring, mar naam hy mei in demonstraasje ek ôfskied fan de dressuersport.

(advertinsje)
(advertinsje)