Fryske dammer wol wrâldrekôr ferbetterje

13 jan 2020 - 14:58

Dammer Johan Teake Dekker fan De Gordyk sil in oanfal dwaan op it offisjele wrâldrekôr 'Klok Simultaan Damjen'. Om dit rekôr te brekken, binne 46 tsjinstanners nedich mei in ferplichte gemiddelde sterkte.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Yn fiif oeren tiid moat der in skoare fan minimaal 70 prosint winst behelle wêze om it nije wrâldrekôr binnen te slepen. Dat betsjut dat Dekker 4 sekonden betinktiid foar elke set hat om de titelferdigener te ferslaan.

De partij wurdt op 25 april op It Hearrenfean spile.

(advertinsje)
(advertinsje)