Epke Zonderland op jacht nei ticket foar Olympyske Spelen

13 jan 2020 - 14:52

Turner Epke Zonderland sil takom moanne meidwaan oan de earste wrâldbekerwedstriid fan dit jier yn Melbourne. Hy kin dêr, mei in goed resultaat, tichterby in ticket foar de Olympyske Spelen yn Tokio komme.

Foto: www.orange-pictures.nl

Zonderland miste yn oktober by it WK yn Stuttgart syn kâns op de Olympyske Spelen fan 2020, mar foar turners mei in tastelspesjalisme is der in achterdoar om dochs diel te nimmen oan de Spelen.

Epke Zonderland moat it wrâldbekerklassemint winne om noch kâns te meitsjen op dat ticket foar de Olympyske Spelen fan dit jier.

(advertinsje)
(advertinsje)