Antonius sikehûs hat nij röntgenapparaat foar boarstkankerûndersyk

13 jan 2020 - 14:40

It Antonius sikehûs yn Snits hat in nij röntgenapparaat dat radiologen brûke kinne om in 3D-mammografy te meitsjen. Der wurde trijediminsjonale foto's fan boarsten makke om tumoaren op te spoaren. Mei dit nije apparaat is minder oanfoljend ûndersyk nedich.

Foto: Omrop Fryslân

Foar pasjinten is it apparaat ek nofliker en de strielingsdoasis is leger.

De ôfdieling Radiology yn it sikehûs is opknapt. By de werynrjochting is ûnder oare útgien fan de belibbing fan de pasjint. Yn de rin fan dit jier folgje mear fernijingen op de ôfdieling.

(advertinsje)
(advertinsje)