Meiwurkers Stellingwerf College foarkomme brân yn skoalgebou

13 jan 2020 - 14:31

Meiwurkers fan it Stellingwerf College yn Easterwâlde wisten troch rap yngripen moandeitemoarn in brân yn de skoalle foar te kommen. Koartsluting yn in transformatorkastje wie oarsaak fan de brân.

Foto: De Vries Media

Yn ôfwachting fan de brânwacht kamen meiwurkers fan de skoalle sels yn aksje. Doe't de brânwacht by de skoalle kaam, wie de brân al wer út. De skoalle en de biblioteek hoegden net ûntromme te wurden.

(advertinsje)
(advertinsje)