Lemster Arjen evakuearre op Filipinen: "It reinde jiske"
Arjen Loonstra fan De Lemmer wennet al twa jier op de Filipinen, oan de râne fan de fulkaan Mount Taal. Dy fulkaan is ta útbarsting kaam en dat hat grutte gefolgen. De stroom yn in grut gebiet is útfallen en tûzenen minsken binne evakuearre.
"It is no wol goed, we sitte yn in hotel op 22 kilometer fan it plak ôf, dus ik tink dat it wol feilich is", fertelt Arjen Loonstra dy't dus ek evakuearre is. De Lemster wennet dêr mei syn Filipynske frou.
"Om acht oere moarns, Nederlânske tiid, krigen we it berjocht fan de útbarsting." Hy wist net dat fulkaan aktyf wie. "It wie earst wol moai om te sjen en mei te meitsjen, mar al gau krigen we it gefoel fan wat bart hjir en komt dit wol goed. De lokale oerheden ha ús pas trije oeren dêrnei in sms stjoerd."
Jiskerein
Op in stuit reinde it jiske út de loft. "We hearden de stientsjes op it dak en hearden dat de beammen omfoelen ûnder it gewicht fan de jiske. Om't we gjin elektrisiteit hienen, sjochst neat, witst neat en we krigen gjin ynformaasje, dus dat wie wol eangstich." Fia Facebook hie er kontakt mei it thúsfront. Elke fiif minuten wienen der ierdbevingen.
"Ferwachtest in alarm of sa, mar der barde neat. We wisten net wat we dwaan moasten. We woenen wol fuort, mar der wie gjin mooglikheid om fuort te kommen. Pas nachts koenen we mei lokaal ferfier evakuearre wurde. We kamen amper foarút, beammen leinen om en koest neat sjen, it reinde mar troch mei jiske."
Foarearst kin er net werom. "De fulkaan is ûnfoarsisber, der binne twa nije kraters bykaam. De foarige kear dat der in útbarsting wie, duorre dat moannen foardat it wer normaal wie."
Hy krijt stipe út Nederlân en moat no sykje nei in plak foar de kommende wiken. "In opsje is om nei Nederlân te gean."