Plysje pakt Stynsgeaster op

10 jul 2012 - 23:25

In arrestaasjeteam hat in man út Stynsgea arresteard. De man hie spul mei syn pakesizzer. Sy soe ruten fan syn hûs yngoaid ha en dêrop hat de man har bedrige mei in fjoerwapen. It arrestaasjeteam fan de plysje kaam yn aksje om de man oan te hâlden, mar hy woe syn hûs net út. In part fan it doarp waard ôfset. De man is úteinlik yn syn hûs oanhâlden.

De man is nei syn arrestaasje ûndersocht troch ambulânsemeiwurkers om't er yn de war wêze soe. Dêrnei is de man meinaam nei it buro. It wapen is noch net fûn.

(advertinsje)