Fuerza Bruta lûkt 11.000 besikers: helte fan totaal beskikbere kaarten

It teäterspektakel Fuerza Bruta hat alvetûzen besikers lutsen. Dat binne der folle minder as yn it foar op hope wie. Jan van Erve fan de organisator Brave New World is teloarsteld. Hy hie it leafst mear besikers hân.
© -
Claudia Woolgar, artistyk lieder fan de organisaasje, sei earder dat der 16.500 besikers nedich wienen om finansjeel lyk te spyljen. Der wiene 22.000 kaarten beskikber.

Minne start

Fuerza Bruta belibbe in minne start. De premjêre waard nei in pear minuten al stillein fanwege de hurde wyn. De oare foarstellingen dy't al trochgongen, waarden posityf ûntfongen, sa seit Van Erve. "Het publiek en de partners waren allemaal erg enthousiast over het Argentijnse gezelschap. Zelf zijn we ook erg tevreden over de locatie."
Van Erve en Woolgar ha spesjaal foar dit soarte fan grutskalige lokaasjefoarstellings Brave New World Producties oprjochte. Dat moat as ferfolch fan LF2018 grutte produksjes nei 'net foar de hân lizzende lokaasjes' helje.

Takomstperspektyf

Ek al falt it besikersoantal ôf, neffens Van Erve is der wol deeglik takomstperspektyf. "Absoluut, we gaan binnenkort evalueren en dan kijken we naar wat we in de toekomst verder gaan doen. Maar klaar is het zeker niet."