Drachten yn oktober gasthear foar EK Dodgeball

13 jan 2020 - 12:27

Yn oktober dit jier wurdt it EK Dodgeball yn Drachten hâlden. Dodgeball hat noch it measte wei fan it bekende balspultsje trefbal. Kim Assen fan Drachten European City of Sport is wiis mei it binnenheljen fan it EK. "Wij vinden het een heel interessante sport omdat het in Nederland steeds bekender wordt. Hopelijk draagt het EK daar ook een steentje aan bij."

Foto: ANP

Oan it EK Dodgeball dogge 18 lannen mei, mei yn totaal mar leafst fiifhûndert dielnimmers. Teams bestean út seis spilers, dy't spylje mei fiif ballen tagelyk. "Het is eigenlijk heel simpel", leit programmamanager Kim Assen út. "Je speelt zes tegen zes met vijf ballen in het veld. Je moet de tegenstander afgooien. De sport is in Nederland nog vrij onbekend, maar in Engeland zijn er 1 miljoen mensen die de sport beoefenen."

In echte groeisport

Doel fan it EK is ek om mear minsken yn Nederlân entûsjast te meitsjen foar Dodgeball fia clinics en lytsere eveneminten foarôfgeand oan it EK. Assen: "We werken samen met de Dodgeball Bond. Wij zorgen onder andere voor clinics in de regio, onder andere op scholen."

European City of Sport

Boppedat hat Drachten sûnt koart in eigen Dodgeball Club. "Dat is nu al winst", fynt de programmamanager. Dat just in ûnbekende sport as Dodgeball nei Drachten komt is net in folsleine ferrassing. De gemeente Smellingerlân is beneamd ta 'European City of Sport 2020'.

Publyk is wolkom

Assen: "Deze titel maakt dat je breder naar sporten kijkt dan normaal. Wat is er gaver dan een sport te promoten, die nu nog niet op de kaart staat? Zo zijn we terechtgekomen bij Dodgeball." De programmamanager hopet op in soad publyk. "Het is een heel laagdrempelige sport, dus je kunt zo binnenlopen bij het EK om eens te kijken."

Foto: Omrop Fryslân
Trefwurden: 
Drachten EK dodgeball trefbal
(advertinsje)
(advertinsje)