Gjin nije stjerre-restaurants yn Fryslân: Heeren van Harinxma hâldt stjer

Restaurant de Heeren van Harinxma yn Beetstersweach is en bliuwt it iennige Fryske restaurant mei in Michelinstjer. Dat is moandei bekend makke by de útrikking fan de restaurantstjerren yn Amsterdam.
© Omrop Fryslân
Ferline jier ferlear restaurant Élevé yn Ljouwert syn stjer. Jan Gaastra fan restaurant Koriander yn Drachten hie doe sels al it beslút naam syn stjer yn te leverjen.
De ferwachting wie dat topkok Jan Smink fan it restaurant mei syn eigen namme dit jier oanspraak meitsje koe op in stjer. Hy is no foar it earst opnaam yn de gids en moat it dwaan mei in earfolle fermelding.
Marc van Gulick fan restaurant De Heeren van Harinxma