PvdD hat fragen oer fergunningferliening foar festival Eilân

13 jan 2020 - 11:25

De provinsje hat flaters makke mei de fergunningferliening foar it festival Eilân op Skylge. Dat seit de steatefraksje fan de Partij voor de Dieren. De partij wol witte hoe't it no krekt sit mei it ferlienen fan de ferklearring fan gjin beswier.

Foto: Partij voor de Dieren

It muzykfestival Eilân soe dizze hjerst hâlden wurde op Skylge yn saneamd Natura 2000-gebiet, mei beskerme biste- en plantesoarten. Stichting Ons Schellingerland tsjinne beswier yn by de rjochter, dy't it beslút naam dat it festival net trochgean koe om't it negative gefolgen hawwe soe foar it gebiet.

Ferklearring fan gjin beswier

De provinsje Fryslân joech in ferklearring fan gjin beswier ôf foar it festival. Dy ferklearring wie needsaaklik om Eilân dochs trochgean te litten. De rjochtbank sette in streek troch dizze fergunning, om't de natuer te lijen ha soe ûnder it festival. Dochs joech de provinsje tastimming. Rinie van der Zanden fan de Partij voor de Dieren wol witte hoe't dat kin.

(advertinsje)
(advertinsje)