Ynternasjonale ljeppers Wetsus

10 jul 2012 - 22:57

Al wiken traine bûtenlânske meiwurkers fan wetterynstitút Wetsus om de bêste fierljepper fan Amearika, Poalen, Litouwen, Ruslân en Eastenryk te wurden. De manlju binne kollega's fan fierljepper Oane Galama fan It Heidenskip en krigen nei in bedriuwsfeest de smaak te pakken.

Tiisdeitejûn mochten se fan de heechste skâns ôf en der waarden fuortendaliks rekôrs brutsen. Mar de sifers kinne pas de boeken yn op in echte wedstriid. Dêrom dogge de meiwurkers fan Wetsus mei oan de Nasjonale Fierljep Manifestaasje op It Heindenskip.

(advertinsje)