Dronryp hinget flagge healstôk foar Meneer Aart

13 jan 2020 - 10:59

Yn Dronryp hinget de flagge healstôk fanwege it ferstjerren fan Aart Staartjes. Ek ha de tsjerkeklokken tsjinoer it hûs fan Meneer Aart moandeitemoarn in kertier lang let. De akteur út Sesamstraat wenne sûnt 2012 yn Dronryp. Syn buorman Ron Groen hat de flagge healstôk hingjen. "Dat zo'n man op zo'n manier uit ons midden weggaat: dat is triest."

Op de flagge fan Groen pronket it Amsterdamske wapen, om't Staartjes oarspronklik út de haadstêd kaam. Groen: "Ik kreeg het nieuws gisteren via social media mee en het eerste wat ik dacht was: er is een Amsterdammer doodgegaan. Ik was verstild."

As in folsleine ferrassing kaam it nijs oer it ferstjerren fan Meneer Aart lykwols net, jout Groen oan. "We wisten al dat het niet goed met hem ging." Groen hie geregeld in praatsje mei syn bekende buorman. "We spraken regelmatig over Amsterdam-Noord. Daar kwam hij vandaan en ik ook."

En no? "Een moment van bezinning en daarna weer door, voor iedereen."

Foto: Anton Kappers
(advertinsje)
(advertinsje)