Personiel supermerk Lidl hat klachten oer hege wurkdruk

13 jan 2020 - 10:51

Wurknimmers fan supermerkbedriuw Lidl kleie oer de hege wurkdruk. De Nederlânske direksje fan it bedriuw krijt moandei in nijjierskaart mei 500 hantekens. It personiel wol in fatsoenlike CAO, dy't foarkomt dat de wurkdruk al mar omheech giet. Se wolle ek dat mear minsken in fêst kontrakt krije.

Winkel - Foto: Shutterstock.com

Ut it rapport 'Werkdruk', dat makke is op basis fan sifers út 2018, docht bliken dat 7 op de 10 meiwurkers fan de Lidl de wurkdruk heech fynt. De resultaten út 2014 en 2015 smieten ûngefear deselde konklúzjes op. It personiel seit dat de bazen dat rapport lykwols net serieus nimme.

Trefwurden: 
Lidl hege wurkdruk
(advertinsje)
(advertinsje)