Steven de Jong oandien: "Aart Staartjes soe meidwaan yn Grutte Pier"

13 jan 2020 - 10:01

De Fryske filmregisseur Steven de Jong is bot oandien troch de dea fan akteur Aart Staartjes. De Jong hat meardere kearen mei Staartjes wurke, yn de film Spaak en yn in ôflevering fan De Kameleon. En der wienen plannen om mear te dwaan.

Foto: ANP

"Hy wie in fantastysk akteur. Elk ken him fan Sesamstraat, mar hy koe ek dragende rollen ha, de djipte yn. Hy koe mei de bêsten mei. Yn Spaak hat er in dramarol spile, dat die er fantastysk. Hy wie hiel naturel yn syn spul", seit Steven de Jong.

Foar Grutte Pier hie er him ek frege. "It wie mar in lyts roltsje, ik fûn it eins wat te min foar him. Ik sei: wolst dat dwaan, mar eins wol ik wat grutters foar dy skriuwe it kommende jier. Ja, sei er, gean dêr mar mei oan de gong. Mar jou my net tefolle tekst, want ik ha net folle sin om in soad tekst te learen."

De Jong learde Staartjes kennen nei de dea fan Rense Westra. "Ik hie in soad skripts op de planke mei rollen foar Rense. Mei Aart kaam ik te praat oer dy rollen dy't foar Rense bedoeld wienen en doe sei Aart dat er wol ris dêrnei sjen woe. Hy hat de skripts lêzen. Doe hienen we de ôfspraak makke dat er it lêze soe as der wer ris wat wie."

De Jong typearret Staartjes as eigensinnich. "Minsken seinen faak dat er nukkich en dwers wie, dy kant hie er wol, mar hy hie ek in sêfte kant, hiel loyaal. Hy wie ek hiel straight en dêr siet ús klik ek foaral, skip de bullshit en flauwekul en kom ta de kearn. Sa wurken we ek oan sênes. As hy in bepaald gefoel hie oer dat it bygelyks links moast, dan brochst him der net gau fanôf hear."

Staartjes seach gjin reden om op te hâlden, ek al wie er 81. "Hy wie hiel skerp, der siet gjin sleet op syn aktearjen." De Jong is grutsk dat er mei him wurkje kinnen hat.

Aart Staartjes is om it libben kaam nei in ferkearsûngelok yn Ljouwert.

Steven de Jong oer Aart Staartjes

(advertinsje)
(advertinsje)