Steenhuisenbrêge yn Burdaard krijt opknapbeurt

13 jan 2020 - 08:49

De Steenhuisenbrêge yn Burdaard is fan 6 jannewaris oant en mei 20 maart ôfsletten foar al it autoferkear. De brêge sil flink opknapt wurde en krijt in nij brêgedek en nije elektryske ynstallaasje. Oant dy tiid is der in needbrêge foar fytsers en kuierders. Mar ek dy moat der moandei út om it skipfeartferkear de romte te jaan. "It is hjir in drokte fan jewelste."

It is moandeitemoarn drok op de needbrêge yn Burdaard. In soad fytsers en kuierders brûke de brêge om fan de iene nei de oare kant fan it wetter te kommen. Gysbert Visser fan de gemeente Noardeast-Fryslân wit hoe wichtich de brêge foar it doarp is. "In soad skoallebern brûke de brêge, mar ek minsken dy't fan de iene nei de oare kant moatte om te boadskipjen. Burdaard kin net sûnder."

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

De Steenhuisenbrêge wurdt de kommende tiid flink ûnder hannen naam. Visser: "Hy is heech nedich oan ferfanging ta om't de oandriuwing simpelwei op is. De elektryske ynstallaasje wurdt ferfongen en ek it brêgedek nimme wy ûnder hannen. Foar takom farseizoen wolle wy in brêge ha dêr't wy fan op oan kinne."

Skipfeartferkear

Yn de perioade fan restauraasje moat it doarp it in pear kear sûnder brêge dwaan. Sa moat de needbrêge moandei om 10.00 oere fuorthelle wurde, om plak te meitsjen foar grutskalich skipfeartferkear. Projektlieder Boele Dijkstra fan de gemeente: "Der farre grutte skippen troch Burdaard, dêr't wy romte foar meitsje moatte. Dan moat de brêge der efkes út."

Gysbert Visser en Boele Dijkstra fan de gemeente

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Rike histoarje

De brêge fan Burdaard hat in rike skiednis. Histoarikus Haije Talsma wit der alles fan. "De brêge hat hiel lang yn hannen west fan de famylje Steenhuisen. Dat wiene twa Grinzer bruorren, dy't op útnûging fan de tsjerke nei Burdaard kamen. De iene boude de mûne, de oare de brêge. Yn 1903 is der in draaibrêge kaam en oant 1937 wie it in tolbrêge. Dêrmei wie de Steenhuisenbrêge de langst besteande tolbrêge yn Fryslân."

Klear yn maart

De brêge wurdt no, mar eartiids ek al, in soad brûkt. It is de ferbining tusken de beide kanten fan Burdaard. It wurk oan de brêge duorret nei ferwachting oant maart dit jier.

Histoarikus Haije Talsma

(advertinsje)
(advertinsje)