Kollum: "Eksplosyf"

13 jan 2020 - 08:22

"Wêr't de rest fan Nederlân him ôfrûne wike drok makke oer in mooglik fjoerwurkferbod, hienen wy hjir yn Fryslân efkes oare drokte oan 'e holle. Want ús provinsje bliek samar ynienen in tikjende tiidbom te wêzen. Fiif pushberjochten op ien dei: it wie ôfrûne tongersdei D-Day foar de Fryske parse. Of better sein: EOD-Day, want de Explosieven Opruimingsdienst hie it smoardrok yn Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Dat begong yn Frjentsjer, dêr't meiwurkers fan de miljeustrjitte tochten dat se te krijen hienen mei in lânmyn út de Twadde Wrâldoarloch. De Explosieven Opruimingsdienst, de EOD, kaam yn aksje en ried mei gillende sirenes út nei Frjentsjer om de myn ûnder hannen te nimmen.

Wat die bliken? It wie gjin libbensgefaarlike lânmyn mar in ferrustke termostaat. Moai ferhaal foar op in feestje of yn de kroech. Mar dat wie noch net alles, want noch dyselde dei koenen de eksperts fan de EOD op 'e nij yn aksje komme. Dit kear yn Ljouwert, dêr't in fertocht pakketsje fûn waard yn de trein.

It stasjon waard fuortendaliks ôfsletten, de treinen ûntromme, it busferfier moast oar plak sykje en helptsjinsten kamen massaal yn aksje. Lang om let die bliken dat it om in jerrycan gong, mei in ûnbekende mar net gefaarlike floeistof deryn. In 68-jierrige man waard oppakt as fertochte. Hy mocht op it plysjeburo útlizze wat er fan doel wie mei de jerrycan.

No bin ik miskien in bytsje nayf, mar wie al dy drokte echt nedich? Seker mei it ôfsluten fan it stasjon yn Ljouwert: wie al dy poeha wier needsaaklik? Of hie in kondukteur ek simpelwei efkes mei de noas boppe dy jerrycan snuve kinnen, om ferfolgens te konkludearjen dat der neat oan 'e hân wie? "Nee", sei de plysjewurdfierdster. "Je moet altijd het zekere voor het onzekere nemen."

En dêr hat se gelyk yn. Mar wêr't ik my wol in bytsje soargen oer meitsje is ús eigen eksplosive gebiet by ús thús. Oeral komme wy op ús hiem en yn ferskate hokken jerrycans mei ûnbekende floeistoffen tsjin. En oeral lizze ferrustke termostaten dy't wy út it hûs sloopt ha. Mei oare wurden: Boelensloane is op dit stuit miskien wol it meast eksplosive doarpke fan hiel Fryslân.

Lit de EOD it net sjen, want dy soenen wiken lang dwaande wêze om de boel hjir allegear ûnskealik te meitsjen. Kamera's dy't live alles folgje en streame sadat hiel Fryslân meisjen kin yn wat foar oarlochsgebiet wy wenje. Ferrustke termostaten en radiatoaren dy't troch fan dy robotsjes fuortsleept wurde. Jerrycans dy't troch mannen yn wite pakken opromme wurde. It soe in wier mediaspektakel wêze kinne.

Ik moat der net oan tinke, al dy drokte om de doar. Alhoewol, it soe de boel hjir wol moai opromje."

(advertinsje)
(advertinsje)