"Druk foar bettere lânbouprizen moat fan de konsumint komme"

13 jan 2020 - 07:18

"Druk foar bettere lânbouprizen moat fan de konsumint komme." Dat sei Durk Durksz, projektlieder fan it FjildLab, snein yn it radioporgramma Buro de Vries. It FjildLab wurket yn it noardeasten fan Fryslân oan it sterker meitsjen fan de sirkulêre ekonomy en in duorsume lânbousektor.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Durksz: "Wy prate in soad mei boeren, mar sitte bygelyks ek mei de supermerken oan tafel. Saken as oars buorkje, bygelyks mei mear krûderyk gers, wolle we graach promoatsje, mar dêr heart wol in earlike priis by. Dêr sil benamme de konsumint druk sette moatte: in earlik produkt foar in earlike priis. Wy gean mei streekprodukten al wol de goeie kant op, mar dêr mei noch wol in stapke by!"

Durksz wie te gast yn it Nijsfoarum fan radioprogramma Buro de Vries, dêr't ek GrienLinks-steatefraksje-foarsitter Charda Kuipers en boargemaster Oebele Brouwer fan Achtkarspelen oan tafel sieten.

Nayf

Brouwer neamde it 'nayf' dat de boer mar sa'n bytsje útbetelle krijt foar syn produkten. "It is bizar as jo sjogge wat we no foar molke en aaien betelje en dat fergelykje mei jierren lyn!" Charda Kuipers fan GrienLinks soe graach sjen dat der in leech BTW-taryf jilde soe foar sûne produkten as griente, fruit en (Nederlânske) suvel. "Dat is niet hét antwoord, maar wel een onderdeel van de prijs waar de overheid invloed op heeft."

It nijsfoarum oer lânbouprizen

Harkje de útstjoering werom

Benijd nei it folsleine oere fan it nijsfoarum fan Buro de Vries? Harkje it hjir werom.

(advertinsje)
(advertinsje)