Ellia Smeding wennet al 13 jier yn Fryslân, mar yn Thialf rydt se foar Grut-Brittannië

13 jan 2020 - 07:15

Ellia Smeding makke dit wykein har debút op it Europeesk kampioenskip ôfstannen. Smeding is 21 jier, wennet yn Harns, mar is reedrydster foar Grut-Brittannië.

Foto: www.orange-pictures.nl

Har mem en heit ha inoar kennen leard yn Londen. Mem is Britsk en is heit komt út Harns. Nei acht jier binne se nei Fryslân ferhuze. "Dat beviel zo goed dat we zijn gebleven."

Ellia rekket ferslingere oan it reedriden en begjint te riden yn Ljouwert. No is se 21 en rydt se foar TeamFrysk by coach Siep Hoekstra. "Die beult mij flink af."

It giet poerbêst, seit se. "Met Reina Anema en Marwin Talsma zie je dat we goed meedoen. En ik heb dit weekend ook goed gereden. Alleen de massa-start viel tegen." Smeding waard sechstjinde. "Ik was na de 1000 meter wel op."

Op de 1000 meter ride se in nij persoanlik rekôr.

Ellia Smeding is berne yn Grut-Brittannië en opgroeid yn in doarpke yn de regio Oxfordshire, by Londen. Op har achtste ferhuze se nei Fryslân. Dêr wennet se yn Harns. Har heit is eigener fan Smeding Groente en Fruit yn Sint-Anne.

Yn Grut-Brittannië is reedriden net bepaald in populêre sport. "Helemaal niet. Er is zelfs geen 400 meter-baan. Shorttrack leeft iets meer door Elise Christie, maar omdat ze geen medaille op de Spelen heeft geen gehaald, is dat ook minder geworden."

It heljen fan de Spelen is it doel foar Smeding. "Dat is mijn droom." As Britske kin se it makliker helje as as Nederlanner, omdat de konkurrinsje minder grut is. "Ik moet voldoen aan bepaalde quota. Bij bepaalde afstanden moet ik bij de eerste zoveel eindigen."

"Het is wel realistisch. Het kan. Maar ik ben geen natuurtalent. Ik moet er hard voor werken."

Foto: www.orange-pictures.nl

Smeding kin der net fan libje. Fan it Britske bûn krijt se hast neat. Heit is eigener fan Smeding Groente en Fruit en sponsoret har. "Het is toch vooral een hele mooie hobby."

Persoanlike rekôrs

  • 500 meter: 40,83, Calgary;
  • 1000 meter: 1.18,6, Calgary;
  • 1500 meter: 2.01,81, Calgary;
  • 3000 meter: 4.28,74, Inzell;
  • 5000 meter: 7.56,31, Ljouwert.

EK ôfstannen

  • 1500 meter (sneon): 18e mei in tiid fan 2.02,52;
  • 1000 meter (snein): 14e mei in tiid fan 1.18,50
(advertinsje)
(advertinsje)