Fryske gemeenten stelle eigen lokaal sportakkoart op
Yn it gemeentehûs yn Bûtenpost wurdt moandeitejûn it startsein jûn foar it sportakkoart tusken in twatal gemeenten en allerhanne sportorganisaasjes. It akkoart moat in lokale fariant wurde op it Nasjonale Sportakkoart 'Sport Verenigt Nederland' út 2018. Foar it sluten fan sa'n sportakkoart binne spesjale 'sportformateurs' oansteld.
"In sportformateur is in soarte fan projektlieder", fertelt Remco den Dulk fan Sport Fryslân. "It doel is dat klups harren ambysjes opstelle. It is ús útdaging om in lokaal akkoart te meitsjen foar alle 18 Fryske gemeenten. De sportformateur begeliedt al dizze trajekten."
Ekstra ynset
Yn sa'n sportakkoart wurdt sjoen nei seis ferskate tema's, lykas 'topsport inspireert', de kwaliteit fan de gebouwen en it stimulearjen fan in positive sportkultuer, lykas noarmen en wearden rûnom de sportfjilden. "Der barre al in hiel soad moaie dingen yn de Fryske sportwrâld", wit Den Dulk. "Mar mei it sportakkoart kinne klups kieze op hokker tema se ekstra ynsette wolle."
Klear yn april
Yn april moat it lokale akkoart klear wêze. Moandeitejûn is de start mei ferskate sportklups yn it gemeentehûs yn Bûtenpost.