Dochs warskôgingsbuorden foar jonge seehûnen op strân Flylân

13 jan 2020 - 06:56

It belied om gjin warskôgingsbuorden foar jonge grize seehûnen mear te pleatsen op it strân fan Flylân wurdt dochs in bytsje oanpast. Op de stikken strân dêr't de grize seehûnepups benammen yn desimber noch wolris lizze, wurde no dochs warskôgingsbuorden delsetten.

Foto: Zeehondenopvang Terschelling

It is al in pear jier de ôfspraak dat der gjin buorden mear stean op it strân mei de warskôging om net te ticht by jonge grize seehûnen yn de buert te kommen. De jonge seehûnen lizze benammen nei in stoarm geregeld yn desimber op de uterste eastpunt fan it eilân. Dat is in plak dêr't in soad minsken kuierje.

Net te ticht by

It is perfoarst net de bedoeling dat kuierders tichtby de jonge seehûnen komme; de bistjes kinne gefaarlik wêze en minsken kinne de mem - dy't meastentiids noch yn de omjouwing is - fuortjeie. Jonge grize seehûnen krije oant sa'n fjouwer wiken neidat sy berne binne noch molke fan de mem. Dêrnei moatte sy harsels rêde.

Diskusje nei foto's

Der wie diskusje ûntstien oer de warskôgingsbuorden. Neffens Jan Roelof Witting fan Rykswettersteat op it eilân hawwe de buorden benammen in oansûgjende wurking; minsken komme der op ôf. Dit jier kamen der foto's nei bûten fan ien dy't fierstente tichtby in foto makke fan in jonge seehûn. Dat smiet in soad diskusje op.

Grut risiko

Witting: "Deze discussie is er al zo lang er zeehonden aanspoelen. Eerder hebben we bordjes geplaatst, maar dat leidde zelfs tot speciale wandelroutes langs deze bordjes. Toch is de roep om de waarschuwingsborden er wel, met name omdat het ook gevaarlijk voor de mensen kan zijn. Als de moeders hun jongen beschermen, dan loop je een groot risico. Daar moeten we voor waarschuwen."

Dêrom is derfoar keazen om yn desimber dochs in pear warskôgingsbuorden del te setten, benammen by de strânoergongen dêr't de bistjes lizze. "Bij deze strandovergangen zullen we waarschuwen dat het wilde dieren zijn en dat het gevaarlijk is om in de buurt te komen", lit Witting witte.

Jan Roelof Witting fan Rykswettersteat

(advertinsje)
(advertinsje)