UNIS Flyers yn lêste wedstriid Inter Region Cup te sterk foar Dinslaken Kobras

12 jan 2020 - 21:23

UNIS Flyers hat de lêste wedstriid yn de Inter Region Cup wûn. Op besite by it Dútske Dinslaken Kobras waard it sneintejûn 6-2.

De Friezen kamen yn de earste perioade op foarsprong troch in doelpunt fan Jasper Nordemann. De skoare rûn yn de twadde perioade noch fierder op troch goals fan Trevor Hunt, Adam Bezak en Trevor Petersen. De Dútsers diene ek noch wat werom: it waard 4-1.

Yn de tredde perioade brochten Bezak en Hunt it Fryske doelpunten totaal op seis. Dinslaken kaam ek noch ien kear ta skoren en dus wie de einstan 6-2.

It wie foar UNIS Flyers de lêste wedstriid fan dit seizoen yn de Inter Region Cup. De Flyers steane foarearst op it tredde plak yn dy kompetysje. De úteinlike stân is noch net op te meitsjen, omdat de ûnderlinge wedstriden yn de BeNe League ek meitelle foar dizze ynternasjonale kompetysje.

(advertinsje)
(advertinsje)