Gemeente wie lilk, mar docht gjin oanjefte tsjin âldjiersploech fan Elslo

12 jan 2020 - 21:02

De gemeente Buren docht dochs gjin oanjefte tsjin âldjiersploech Vesuvius. As nijjierstunt hie de ploech út Elslo sân metershege letters fuorthelle út Rijswijk. De letters stiene oan de râne de eardere grins fan it Romeinske Ryk.

De gemeente wie lilk oer de stunt en de boargemaster woe oanjefte dwaan, mar it die bliken dat net de gemeente, mar de provinsje de eigener is fan de letters.

De provinsje koe de grap wol wurdearje. Under de betingst dat de âldjiersploech de letters ek sels werom sette soe, soene der gjin gefolgen wêze. Dat werompleatsen is sneintemiddei sûnder problemen bard.

Trefwurden: 
Rijswijk letters Vesuvius stunt
(advertinsje)
(advertinsje)