Jillert Anema kiest foar rêst nei pikante útspraken yn Weistra op wei

12 jan 2020 - 20:36

Reedrydcoach Jillert Anema fan team easyJet en Royal A-ware wie de grutte winner by de beide massastarts. Mei de Belch Bart Swings (goud), Arjan Stroetinga (sulver) en Irene Schouten (goud) koe it net op foar Anema.

Foto: ANP

Nei ôfrin gong it net oer de winst, mar oer de útspraken dy't er earder die yn it radioprogramma Weistra op wei fan Omrop Fryslân.

Anema hie sein dat it reedriden in ferskriklik fak is, "dat bepaald wurdt troch minsken dy't ús ergens hinne stjoere omdat se dan sels op de ien nei heechste ferdjipping fan in grut flatgebou sitte kinne, yn in hotel dêr't de boppeste ferdjipping in stripteaseklup is. Dat fine se moai."

De ynternasjonale reedryduny ISU en reedrydbûn KNSB neamden dy útspraken "ongepast". "De KNSB is al enige tijd constructief met de ISU in gesprek over verdere ontwikkeling van World Cup-format" stelde it bûn yn in ferkearring.

Anema woe der snein net mear op werom komme. "Ik ha de ferklearring fan de KNSB en de ISU sels net sjoen. Foar my is it no klear."

Sjoch hjir nei de reaksje fan Jillert Anema.

Anema seit dat er gjin kontakt hân hat mei de KNSB en de ISU. "Ik tocht dat se my miskien om in bakje kofje freegje soene. Dan hie ik it útlizze kind. Dat se mei sa'n statement komme soene, hie ik net ferwachte."

Kramer: "Ik hie it sa net sein"

Sven Kramer hat begryp foar de sportive krityk fan Anema, seit er, mar hy hat twivels by de manier wêrop't Anema syn punt nei foaren brocht.

"Dat hie ik sa net dien. Ik wit net oft dit de bêste manier is om feroaring te krijen. Mar goed, dat is Jillert. Dêr bin ik net sa fernuvere oer."

Sjoch hjir nei de reaksje fan Sven Kramer.

(advertinsje)
(advertinsje)