IFKS: Grutte Pier giet nei Boalsert, en Drie Gebroeders is ferkocht oan Amsterdammers

Twa topskûtsjes út de heechste klasse fan de IFKS komme yn oare hannen. It giet om de Grutte Pier fan Lucas Bouma, en om it Gordykster skûtsje Drie Gebroeders.
It skûtsje Grutte Pier © Omrop Fryslân, Jitze de Vries
Lucas Bouma hat de Grutte Pier ferkocht oan Catrinus Sandstra fan Boalsert. Bouma sylde yn 2018 sels foar it lêst mei yn de Grutte A klasse. Ferline jier stie Henk Regts oan it helmhout fan de Grutte Pier. Oft Regts skipper bliuwt is noch net bekend.
It Gordykster skûtsje Drie Gebroeders dêr't Arend Wisse de Boer jierrenlang op skippere, is ferkocht oan it team fan de Emanuel (KL). Earder waard bekend dat skipper Merijn Olsthoorn fan de Emanuel dermei ophâldt. Hy waard kampioen yn 2017.
It team komt út Amsterdam. Aeger van der Hoeff nimt it helmhout oer. It team út Amsterdam sil mei de Drie Gebroeders foar thúshaven De Gordyk sile. "We willen graag de band met het dorp behouden en we vinden het fantastisch om voor ze uit te komen in de IFKS", seit skipper Aeger van der Hoeff.

Harmen Brouwer

Skûtsjesiler Harmen Brouwer debutearre ôfrûne simmer mei de Drie Gebroeders yn de C-klasse fan de IFKS. It wie foar syn team in dreech jier. Se sloegen om, en in dei earder hiene se sels brân oan board.
Skipper Harmen Brouwer wie bot oandien troch de brân.
Brouwer wist de kompetysje wol út te silen. Hy promovearre sels nei de B-klasse. Mar dêr sil er net yn útkomme, want takom seizoen debutearret er as skipper yn de SKS, op it skûtsje fan Langwar.
De Drie Gebroeders wie eigendom fan Arend Wisse de Boer en de gebroeders Boersma fan 'e Gordyk. De Boer sylt sûnt 2018 as adviseur fan Rinus de Jong op it SKS-skûtsje fan De Jouwer. Hans Boersma giet mei Harmen mei op it Langwarder skûtsje.