VC Snits wint foar tredde kear op rige

12 jan 2020 - 17:21

VC Snits hat sneintemiddei foar de tredde kear op rige wûn. Yn de Snitser Sporthal wiene de Fryske follybalsters mei 3-0 te sterk foar Talententeam Papendal.

VC Snits yn in eardere wedstriid - Foto: Orange Pictures

VC Snits hie yn de earste twa sets net in soad muoite mei de hikkesluter fan de earedifyzje. Mei 25-19 en 25-15 gie de Fryske ploech mei in komfortabele foarsprong de tredde set yn. Dy like ek ienfâldich nei Snits te gean, mar by 23-18 setten de talinten fan Papendal noch in einsprint yn. De besikers kamen noch werom ta 24-24, mar de set waard úteinlik mei 26-24 wûn troch Snits.

Fjirde plak

Troch de oerwinning klimt VC Snits mei tweintich punten nei it fjirde plak yn de kompetysje. De follybalsters moatte by de earste seis einigjen om mei te dwaan oan de play-offs om it lânskampioenskip. Mei noch fjouwer wedstriden te gean is dy striid noch lang net beslist. Nûmer sân Set-Up '65 hat santjin punten, nûmer seis FAST hat der achttjin en nûmer fiif Zwolle hat der njoggentjin.

Woansdei stiet der ek in belangrike wedstriid foar VC Snits op it programma. Dan nimme se it yn de heale finale van it bekertoernoai op tsjin VCN út Capelle aan den IJssel. Dy ploech stiet boppeoan yn de topdifyzje, in klasse leger as de earedifyzje.

(advertinsje)
(advertinsje)