Blommen oan de Harnzerstrjitwei: 'Rust Zacht, Meneer Aart'

12 jan 2020 - 21:44

Op it plak dêr't akteur Aart Staartjes ôfrûne wike in slim ûngelok hie, leit yntusken in boskje blommen mei de tekst 'Rust Zacht, Meneer Aart'.

Foto: Kappers Media

Staartjes waard slim ferwûne oerbrocht nei it sikehûs. Dêr is er ferstoarn. De plysje docht noch ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok. Aart Staartjes is 81 jier âld wurden.

Sterren op het doek

De telefyzjeprogrammearing fan NPO1 is oanpast nei oanlieding fan syn ferstjerren. Om 18:10 oere wurdt in útstjoering fan Sterren op het Doek werhelle, dêr't Staartjes yn fertelt dat er it gefoel hat dat er yn 'it lêste bedriuw' fan syn libben sit. "Als je 81 bent zoals ik, dan is de kans dat je 91 wordt bijzonder klein. Maar ik ben niet bang voor de dood, al weet ik niet wat ik moet verwachten. Het is niet erg als het afgelopen is."

Adieu God

Om 22:10 oere is der in útstjoering fan Adieu God te sjen út 2017. Dêryn praat Staartjes mei Tijs van den Brink, ûnder oare oer syn relaasje mei it leauwe.

Trefwurden: 
Aart Staartjes
(advertinsje)
(advertinsje)