Bergsma ûnderút, Stroetinga pakt sulveren medalje op massastart

12 jan 2020 - 17:47

Reedrider Arjan Stroetinga hat in sulveren medalje pakt op it EK ôfstannen. Hy waard twadde op de massastart. De Belch Bart Swings kaam as earste oer de meet.

Foto: ANP

Nei in iepen race wiene der yn de lêste ronde foar de ein noch in hantsjefol kânshawwers. Jorrit Bergsma wie dêr ien fan, oant er yn de lêste bocht ûnderút gong.

Sa docht Andor Faber ferslach fan de falpartij fan Jorrit Bergsma

De einsprint gong dêrnei tusken Swings en Stroetinga. De Belch wie de bêste. De Rus Danila Semerikov waard tredde.

Irene Schouten

By de froulju waard Irene Schouten Europeesk kampioen. Se is de regearjend wrâldkampioene. Yn de einsprint wie se de sterkste. Dat is hat spesjaliteit. Melissa Wijfje pakte de brûnzen medalje, achter Francesca Lollobrigida.

Sjoch hjirûnder nei de reaksjes fan Arjan Stroetinga, Jorrit Bergsma en Jillert Anema.

Trefwurden: 
reedriden Arjen Stroetinga
(advertinsje)
(advertinsje)