FIDEO: Healweis it seizoen leit LDODK op koers

LDODK is dwaande mei in sterk seizoen yn de Kuorbal League. Healweis de kompetysje steane de Friezen op it twadde plak. It doel is om by de beste fjouwer teams te einigjen en sa de play-offs te heljen.
LDODK leit healweis seizoen op koers
LDODK wol de earste Fryske ploech wurde dy't yn Ahoy om de lânstitel stride mei. Dêrfoar moat LDODK earst by de top-4 eindigje yn de kompetysje, en dêrnei de heale finales fan de play-offs sjen te winnen. Mei trainer/coach Henk Jan Mulder en in 3-tal spilers sjogge we werom op it earste diel fan it seizoen, en ek foarút op de twadde helte.