Slûs Terherne hat gjin funksje

10 jul 2012 - 21:53

De slûs fan Terherne hat gjin funkjse mear. Tiisdeitejûn hat it Algemien bestjoer dat unanym besletten nei't der ûndersyk nei dien wie. De útkomsten wurde trochjûn oan de provinsje, dy is eigener fan de slûs 'De nieuwe Slachte' en woe graach witte of't er noch in funksje hie. Ut ûndersyk fan it wetterskip docht bliken dat dit net it gefal is.

Ek yn gefal fan hele hege wetterstannen lykas begjin dit jier is der gjin rol foar de slûs. De provinsje moat no bepale wat der mei de slûs gebeure sil.

Trefwurden: 
provinsje slûs
(advertinsje)